Suksesfol keatswykein Amarins, Gjalt en Ignas
Snein gong de reis nei Jirnsum wert in troch in oar lotters wedstriid foar skoalfamkes wie Amarins keatste yn de A poule en wie lotte by Lobke Vlasbloem fan Idsegahúzum. Hja wûnen de twadde priis. Winners binne Selma van der Molen (Wytmarsum) en Jeska Terpstra (Easterein) Broer Gjalt wie yn Weidum te keatsen, dêr wie in troch in oar lotters wedstriid foar skoaljongens. Ek Ignas Dijkstra en Arjen Talsma wiene nei Weidum set. Hja keatsen alle trije yn de B klasse. Om yn de prizen te kommen moast d’r trije kear wûn wurde want d’r wiene mar leafst 26 partoeren. Gjalt en Ignas binne hjir yn slagge, Gjalt gong nei fiif winstpartijen mei de krânse nei hûs, Inas wûn de 3e priis, in oare kear is Arjen d’r wer by 1e priis: Gjalt Sjirk de Groot (Mantgum) & Gerard de Vries (Bitgum) 2e priis: Youri de Groot (Menaam) & Wessel van der Woud (Goutum) 3e priis: Hidde Poelstra (Minnertsga) & Peer de Bakker (Weidum) 3e priis: Ignas Dijkstra (Mantgum) & Klaas Jan Oosterbaan (Scharnegoutum)
Geplaatst op 08 July 2014